Nije Merwede

Lokaasje Nije Merwede
De Nije Merwede mei de haven fan Werkendam op de eftergrûn

De Nije Merwede is in kanaal yn Nederlân dat oan de súdeastlike kant fan it Eilân fan Doardt del rint. De Boppe-Merwede spjalt himsels by Werkendam ôf yn de noardlike Under-Merwede en de súdwestlike Nije Merwede. It wetter fan de Nije Merwede streamt yn it Hollânsk Djip. De Nije Merwede foarmet de grins tusken de provinsjes Súd-Hollân en Noard-Brabân en skiedt it Eilân fan Doardt fan de Brabânske Biisbosk. De keunstmjittige rivier hat gjin brêgen of tunnels, en hat allinnich ien fearpont foar alle ferkear.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search